Wettersportsektor krijt tips tsjin cybercrime, dat faak net serieus naam wurdt

Wettersportsektor krijt tips tsjin cybercrime, dat faak net serieus naam wurdt

Rekreaasjeûndernimmer Wim Driessen fan Rufus aan het Water yn De Broek hat in scan dwaan litten. "Ik bin bêst wol skrokken. Benammen om't ik my der sels net hiel bewust fan wie. Dat kin folle better."



Driessen wit no wol wat er better dwaan moat: "Ja, better back-ups meitsje. As je hackt wurde sûnder back-up, binne je in soad gegevens kwyt."



En dêr is it de brânsjorganisaasje HISWA-Recron ek om te dwaan, seit regiomanager Jan Ybema: "De ûntwikkeling fan systemen giet hiel rap. Dat is ek de reden dat we de scan ûntwikkele ha. In soad saken, lykas reservearringssystemen, mar ek de klantsystemen binne fan grut belang foar ûndernimmers."



Dy moatte dêrom feilich bliuwe en geregeld bywurke wurde. Ybema sjoch net allinnich nei de wettersportbrânsj: ek de lânrekreaasjebedriuwen kinne ynkoarten gebrûk meitsje fan de mooglikheid foar in scan.



"Sels kinne je ek hiel maklik wat dwaan", seit Miedema. "Begjin mei in goed wachtwurd. Dus net 'welkom' of '2022'. Nee, in langer wachtwurd mei ferskillende tekens. En meitsje altyd back-ups. As der wat bart, dan kin je dochs fierder."




Support the originator by clicking the read the rest link below.